Befeiligingskamera's op skoalplein Winsum

Nije fúzjeskoalle Winsum © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Der komme befeiligingskamera's op de skoalpleinen fan it Bynt yn Winsum. De skoalle hat al in tiid lêst fan alderhande lytse fernielings, lykas glêsskerven yn de sânbak en ruten en lampen dy't fernield wurde. De skoalle hat in proef dien mei ien kamera en dat hat fertuten dien. Om't de skoalle meardere pleinen hat, komme der no meardere kamera's te hingjen.