Ynformaasjejûn oer krusing Eanjum giet net troch nei ûngelok

© De Vries Media
De ynformaasjegearkomste fan de provinsje oer it krúspunt by Eanjum giet tongersdeitejûn net troch. Tiisdei kamen twa minsken om it libben by in ûngelok op it krúspunt fan de N361. Se kamen mei in brommobyl fanút de rjochting Moddergat en woene oerstekke yn de rjochting fan Eanjum, mar seagen hjirby in bestelbuske oer de holle.
De ynwenners fan Eanjum wolle al langer dat de krusing oanpakt wurdt. Se soene der tongersdei oer bypraat wurde. Bygelyks oer it plan om fan it krúspunt in ovonde te meitsjen.