LTO-Noard: "Plomfeehâlders, tink goed om hygiëne"

Plomfeehâlders moatte goed tinken bliuwe om de hygiëne, ek al kin dêrmei net foar de folle 100 prosint it fûgelgrypfirus bûten de doar hâlden wurde. Dat seit Piet Faber fan de fakgroep plomfee fan LTO-Noard.
Op in plomfeebedriuw yn Abbegea is fûgelgryp útbrutsen. It bedriuw hat rom 60.000 lishinnen en is tiisdei hermetysk ôfsletten. Neffens Faber stiet it bedriuw bekend as goed skjin en krekt. It firus soe dan ek net troch de meiwurkers meinaam wêze.
It is de earste kear yn dizze perioade dat yn Fryslân in bedriuw besmet is mei it fûgelgrypfirus.