Soarchsintrum De Batting yn Harns krijt bysûnder kado

Soarchsintrum De Batting yn Harns hat tiisdei in bysûnder kado krigen. It giet om in ynteraktyf ynstrumint, bedoeld foar demintearjenden. As dy it ynstrumint oanreitsje, makket dat lûd. It ynstrumint moat de demintearjenden út har eigen wrâld helje.
De Batting hat it kado te tankjen oan de 19-jierrige frijwillichster Rozemarijn Roest út Harns. Rozemarijn har heit is op jonge leeftyd oan demintens ferstoarn. Mei dêrtroch is se begûn mei frijwilligerswurk by demintearjenden yn De Batting. Dat docht se alle wiken in dei.
It ferhaal fan Rozemarijn makke safolle yndruk, dat de priis nei Harns gie. De priis is in inisjatyf fan de stichting Alzheimer Nederlân.