Gemeente Skiermûntseach oerfallen troch wynmûneplan

De gemeente Skiermûntseach fielt him oerfallen troch de oprop fan de provinsje Grinslân om boppe de Waadeilannen grutte wynmûneparken del te setten. De provinsje hat de oprop net yn it foar bepraat mei de Waadeilannen.
Neffens wethâlder Willem Meerdink sil de oprop bepraat wurde op de fergadering fan de Waadeilannen kommende tongersdei. Hy fergeliket in wynmûnepark mei de diskusje oer de gasboarrings by it eilân. Dêr wie ek in soad protest tsjin.
De provinsje Fryslân is foar wynenerzjy, sa lang't de wynmûnen mar fier genôch yn see komme te stean, sadat se net sichtber binne.