IJsselmeervogels-SC Hearrenfean libbet bot yn Spakenburg

Yn de achtste finale fan it nasjonale bekertoernoai fuotballet SC Hearrenfean tiisdeitejûn yn Bunschoten-Spakenburg tsjin IJsselmeervogels. Dat is de ploech fan âld-Cambuurspiler Sandor van der Heide. IJsselmeervogels stiet op dit stuit op it twadde plak yn de tredde difyzje. Neffens Van der Heide libbet de wedstriid yn Spakenburg al bot.