Utslaande brân yn loads by wenhûs oan Trekwei by Bûtenpost

Yn in loads achter in hús oan de Trekwei by Bûtenpost hat moandeitejûn in fûle brân west. De melding kaam krekt foar healwei sânen binnen en al gau wie dúdlik dat it om in útslaande brân gie. Yn de loads stie gjin fee. It gebou waard brûkt foar opslach. Wol stiene der in pear gasflessen yn en dat makke de brân lestich te bestriden.
Om kertier foar njoggenen hiene de korpsen fan Bûtenpost en Kollum it fjoer ûnder kontrôle. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.