Jagersferiening nimt advys Feilichheidregio Fryslân net oer

De Keninklike Jagersferiening Fryslân nimt it advys fan de Feilichheidsregio Fryslân om net te jeien, net oer. Se freegje oan de jagers harren ferstân te brûken en net it lân yn te gean dêr't sike fûgels fûn binne of yn wetterrike gebieten. Mar fierders kinne jagers gewoan op 'en paad gean.
Der is net oantoand dat de jacht en de fersprieding fan fûgelgryp mei-inoar te krijen hawwe. Boppedat giet de skipfeart, fiskerij en rekreaasje ek gewoan troch, en dus hat net jeien net safolle doel.
Freed is in jachtferbod fan in moanne ynlutsen. Mar de Feilichheidsregio Fryslân die snein in oprop oan de jagers om foar de wissichheid dochs thús te bliuwen. "Platwei sein "shit". No kinne wy wer niks" Seit jager Eeuwke Damstra fan Wâldsein. De oarders by de poelier stean al en dêr kinne se net mei oan de gong. Mar neffens de jager binne de guozzen it grutste probleem. Dy kinne se no net fan it boerelân fuortjeie nei natuergebieten.