Beslach op yn Makkum boud miljoenejacht fanwege wytwasksaak

In miljoenejacht is ûnder plysjebegelieding fan Makkum nei Den Helder brocht en dêr oan de ketting lein fanwege in ynternasjonale wytwasksaak. Dat meldt de NOS. It jacht Ebony Shine is fan de soan fan de presidint fan Ekwatoriaal-Guinee. It is 76 meter lang en hat sa'n 95 miljoen euro koste. Yn 2009 waard it yn Makkum boud troch skipsbouwer Feadship. It wie yn Nederlân foar in opknapbeurt.
De presidintssoan wurdt troch Switserlân en Frankryk fertocht fan wytwaskjen, korrupsje, fertsjustering en wanbehear.
Yn Switserlân binne ferskate kostbere auto's konfiskearre, sa as in Porsche, Bugatti en Lamborghini. Frankryk woe beslach lizze op in appartemint yn Parys, mar slagge dêr net yn.