Reekbommen en jubileumshirts by SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân, Janjelle Ringnalda
De fuotballers fan SC Hearrenfean spylje sneontejûn yn it eigen stadion tsjin Excelsior yn in spesjaal shirt. Op it shirt lokwinsket sponsor GroenLeven de supportersferiening Nieuw Noord mei it 15-jierrich jubileum.
Yn de 15e minút fan de wedstriid tsjin de Rotterdammers waarden ta gelegenheid fan it jubileum reekbommen ôfstutsen. Neffens ferslachjouwer Arjen de Boer stie der safolle reek dat de goal amper mear te sjen wie. Ek wie yn de 15e minút in steande ovaasje fan it publyk foar 15 jier Nieuw Noord.
Yn it stadion wie it ekstra sfearfol omdat oan it publyk krystmûtsen mei lampkes útdield wienen. Nei ôfrin fan de wedstriid oerlange direkteur Luuc Eisenga in kado oan de supportersferiening. It shirt fan de wedstriid mei dêrop alle hantekeningen fan de seleksje. "Op naar de volgende vijftien jaar."