Gouden en brûnzen medalje by manlju op 1500 meter

© ANP
By de 1500 meter foar manlju steane twa Nederlanners op it poadium yn Thialf. Op It Hearrenfean wurde dit wykein wrâldbekerwedstriden riden. Kjeld Nuis pakte goud mei in sterke tiid fan 1.45.11. Ploechgenoat Patrick Roest behelle brûns yn 1.46.42. Wrâldkampioen Denis Juskov út Ruslân einige op it twadde plak (1.45.41).
Sven Kramer docht dit wykein net mei.