Alvestêderiders moatte tenei ferplicht in helm op

Riders meie by in mooglike tocht dit of folgjend jier noch kieze út ferskate feilichheidshelmen. Dat sei foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening sneon yn de ledegearkomste oer de ynfiering fan de ferplichting ta in helm by in Alvestêdetocht. "Bygelyks in sky-, fyts- of shorttrackhelm. No binne der net genôch helmen om alle riders fan in sertifisearre helm te foarsjen, dus dat moatte we foar de takomst dan fierder útwurkje."
Harsenletsel
Sjirurch en bestjoerslid Joost de Graaf lei it bestjoersbeslút fierder út. "Als we kijken naar het aantal mensen dat hersenletsel en ander lichamelijk letsel heeft opgelopen tijdens de tocht van 1997, dan kunnen wij dat als bestuur niet naast ons neerleggen. Ook bij andere risicosporten is een helm verplicht, het schaatsen op natuurijs valt daar ook onder. Als bestuur moeten wij ook onze verantwoordelijkheid nemen."
Protest
By de gearkomste kamen ek twa minsken mei in helm de seal binnenrinnen as reaksje op de ferplichte helm by in kommende Alvestêdetocht, Bert en Joke Verschaijk út Monnickendam. "Ik ben niet per se tegen het dragen van een helm, maar wel tegen het verplichte karakter ervan. Als schaatser loop je ook het risico om een wak in te rijden moeten we dan straks met een zwemband gaan schaatsen of verplicht poolkleding dragen omdat het zo koud is?" Verschaijk ried de tocht yn 1985, 1986 en 1997.
Ferantwurdlikheid
Lid Pyt Brandsma hat noch nea in Alvestêdetocht riden, mar kin him wol fine yn it beslút. "It bestjoer hat yndie ferantwurdlikheid foar de feilichheid fan de riders, dat ik begryp wol dat in helm dêr yn past."