Deasketten see-earn lei mooglik al folle langer by Wolvegea

De deasketten see-earn lei mooglik al dagen langer yn it natuergebiet de Lindefallei by Wolvegea. Dat hat ien fan de minsken dy't op de tsjûge-oprop reagearre hat tsjin de plysje sein. Kuierders fûnen it deade bist snein oan de noardkant fan it natuergebiet. It bist is mei in skot hagel út de loft sketten.
De plysje hat noch gjin konkrete tips oer dieder(s) krigen op de oprop foar tsjûgen fan it ynsidint. De see-earn is tige seldsum. De spanwiidte fan de wjukken kin wol mear as twa meter wêze.