Frijwilligers sykje sike en deade fûgels yn it Noarderleech
Yn it Noarderleech is sneontemoarn begûn mei it sykjen nei sike en deade fûgels yn ferbân mei de fûgelgryp. It natuergebiet oan de Waadkust is in rêstplak foar trekfûgels en waadfûgels. Frijwilligers en meiwurkers fan it Fryske Gea sille it gebiet troch om slachtoffers fan de fûgelgryp te sammeljen.
Der binne al in protte deade en sike fûgels fûn: einen, guozzen, smjunten, steltrinners en rôffûgels.
Deade fûgels wurde meinommen. Sike fûgels dy't de symptomen fan fûgelgryp hawwe, wurde deamakke. De minsken dy't de fûgels oppakke moatte hawwe beskermjende wite pakken oan.
It Noarderleech is grut en jo kinne der maklik ferdwale, dêrom binne der in flink oantal minsken mei dy't it natuergebiet goed kinne.