"We hebben het onszelf wel onnodig moeilijk gemaakt"

SC Cambuur helle freed in moaie oerwinning op Jong FC Utrecht. It waard yn Ljouwert 4-2. Mar de wize wêrop't de Ljouwerter ploech de trije punten binnenhelle, fan 2-0 waard it earst noch 2-2, fertsjinne gjin priis. Dêr binne trainer en spilers it wol oer iens.
Corner
"We makken it ússels dreger as dat nedich wie. We stienen 2-0 foar, neat oan de hân. Dan is dy 2-2 wol in domper. Soks mei eins net gebeure", analysearre trainer Sipke Hulshoff.
It meast frustrearjende wie neffens Hulshoff dat de Ljouwerters wér in goal tsjinkrigen út in corner. Oanfaller Martijn Barto, goed foar twa goals, is it dêrmei iens. "Intern is er een straf op gezet. Dat wordt rondjes lopen", laket er. "Maar zonder gekheid, we maken het onszelf zo wel onnodig moeilijk."
Penalty
Dochs binne sawol trainer as spilers der grutsk op dat de ploech him nei de 2-2 oprjochtsje koe en de wedstriid noch wûn hat. "Ik ben erg tevreden over hoe we terugkwamen in de wedstrijd", seit Barto.
Oanfierder Erik Bakker is it mei him iens. "Als we vandaag niet gewonnen hadden, hadden we ons dood moeten schamen", fynt er. Sels scoarde er ek noch, út in penalty. "Ja, dat was de zestiende penalty die ik scoorde. Ik heb er zeventien genomen. De strafschop die ik miste, maakte ik daarna nog goed met een doelpunt", herinneret hy him.