UPDATE: Auto slacht oer de kop en komt op bushokje telâne

Op de Foarwei yn Kollumersweach is freedtenacht om healwei fjouweren hinne in auto op de kop op in bushokje bedarre. De 23-jierrige bestjoerder fan de auto is dêrby ferwûne rekke. It giet om in man út Feanwâlden.
It liket derop er in ferkearsremjende slalom oer de kop sjoen hie, wêrtroch er fan de dyk rekke. De bestjoerder soe dronken ha foardat er yn 'e auto stapte. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam yn ôfwachting fan it ûndersyk.