Da Mouth Of Madness wint de Fryske Poppriis 2016

Da Mouth Of Madness hat freedtejûn de Fryske Poppriis 2016 wûn. Dizze band hat yn de ôfrûne jier op alle grutte festivals stien en mear as in miljoen besikers lutsen. De Fryske Poppriis is in ûnderskieding foar bysûndere fertsjinsten yn de Fryske popkultuer. It wie de wichtichste priis fan de Fryske Popawards.
De winners waarden bekendmakke op it Freezefestival by it Ljouwerter poppoadium Neushoorn.
De Omrop Fryslân Klipkar Klip Award gie nei Wiebe Kaspers, foar syn 360-graden fideoklip by it nûmer 'Help, help, help'. De Talent Award foar bêste nijkommer yn de Fryske popscene wie foar Chai Blaq. It Fryske songfestival 'Liet' krige de Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân.
Dan wie der ek noch in Publykspriis. Mei 23% persint fan de stimmen hat it MadNes festival op It Amelân dy priis wûn. By it Freezefestival wiene optredens fan de bands Toll, O Kutjes en Mundo Park.
Op de website Finsteropfryslan.frl binne mear reportaazjes te sjen oer de Fryske Popawards.