Lekkum docht alle strjitferljochting wer oan

Alle strjitferljochting giet wer oan yn it doarp Lekkum by Ljouwert. De gemeente hie by wize fan proef in oantal lantearnepeallen út dien. Dat alles om de doelstelling te berikken om yn 2020 tsien prosint minder enerzjy te ferbrûken foar iepenbiere ferljochting.
Yn in gearkomste die bliken dat de ynwenners fan Lekkum it tsjuster yn de strjitten as ûnfeilich ûnderfine. De fertsjintwurdiger fan de gemeente wie gefoelich foar harren krityk. De gemeente Ljouwert hâldt op ferskate plakken yn de gemeente in proef fan sa'n tolve wiken.
Der wurde ferskate lantearnepeallen útsetten om te sjen oft dat kin. Yn Lekkum kin dat dus net. Op oare plakken is it wol mooglik, bygelyks op de rûnwei fan de stêd of de Anne Vondelingweg by yndustryterrein De Hemrik. Dêrmei moat de doelstelling yn 2020 helle wurde kinne.