Automobilist mei bier en GHB by him sliept achter stjoer

Alkoholkontrôle © ANP
De plysje hat freed de auto fan in 39-jierrige Ljouwerter yn beslach naam. De plysje krige in melding dat in auto frjemde manoeuvres makke op de Oer de Kelders. Doe't de plysje kaam, seagen se de auto mei draaiende motor stean. De bestjoerder siet achter it stjoer te sliepen, mei in blik bier tusken syn skonken en in fleske GHB neist him.
Ut ûndersyk die bliken dat de man socht waard as fertochte fan stellerij út in winkel earder op de moarn.
Dêrneist die bliken dat de man foar de tredde kear yn in healjier oanhâlden wie foar it riden sûnder rydbewiis. Der is in bloedproef by him ôfnaam.