Omar El Baad tekenet foar 2,5 jier by SC Cambuur
Fuotballer Omar El Baad hat him freed foar 2,5 jier fêstlein by SC Cambuur. De 20-jierrige El Baad kaam ferline jier fan de jeugdoplieding fan Feyenoord nei Cambuur en spile dêr earst by de beloften. Al foar de winterstop makke de sintrale ferdigener syn debút yn it earste alvetal.