Van Keimpema skriuwt boek oer machtsspul by SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne tsien jier te lijen hân fan it 'machiavellisme' fan earefoarsitter Riemer van der Velde. Dat skriuwt sjoernalist Albert van Keimpema yn syn ynkoarten te ferskinen boek Het Wespennest, het spel om de macht bij SC Heerenveen. Van Keimpema rekkenet yn it boek ôf mei Van der Velde, dy't yn 2006 de foarsittershammer dellein hat. Van Keimpema beskuldiget Van der Velde fan it traineren fan syn opfolgers.
"Hoe verkrijg je macht en hoe behoud je die. Daarbij heiligt het doel de middelen. Tegenstanders worden monddood gemaakt, onder druk gezet, buiten functie gesteld of mentaal gebroken. Manipulatie is het instrument, narcisme de drijfveer, machtsdenken de strategie en gebrek aan respect de metgezel", sa skriuwt Van Keimpema.
Omrop Fryslân hat de tekst fan it boek yn besit krigen. Het Wespennest fan Albert van Keimpema is pas fan 19 desimber ôf te krijen. Direkteur Luuc Eisenga fan Sportklup Hearrenfean sei freed yn Fryslân Hjoed Sport dat er in útnûging foar de boekpresintaasje krigen hat, mar dy ôfslein hat. Eisenga hat flarden fan it boek lêzen en seit 'dat het niet uit clubliefde is geschreven'. Eisenga hat regelmjittich kontakt mei Van der Velde. As earefoarsitter hat Van der Velde oansjen, seit Eisenga. Hy is bliid dat de âld-foarsitter nei de wedstriden komt en sa no en dan goed advys jout.