Heldoorn moat bemiddelje yn skeel oer nij pachtstelsel

Sicko Heldoorn
Waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel Sicko Heldoorn is troch steatssekretaris Martijn van Dam beneamd ta bemiddeler yn it skeel oer it nije pachtstelsel. Der is in tuskenman nedich om't de Bond van Lachtpachters en Eigen Grondgebruikers en it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt harren net fine kinne yn de útkomsten fan it akkoart.
Neffens de steatssekretaris is it fan grut belang dat der in breed draachflak is foar it akkoart. Dêrom mei Heldoorn besykje om de partijen byinoar te bringen.