Samsom ferliest striid om listlûkerskip PvdA

Diederik Samsom is net opnij ferkeazen ta listlûker fan de PvdA by de Twadde Keamerferkiezings. Lodewijk Asscher wurdt de nije lieder fan de partij. Asscher wûn mei 54,5 prosint fan de stimmen, Samsom krige 45,5 prosint. De totale opkomst wie 62 prosint fan de leden.
Samsom lûkt him werom út de Twadde Keamer, sa makke er bekend op de parsekonferinsje oer de útslach. Hy sei grutsk te wêzen oer wat der de ôfrûne tiid berikt wie. "Aan die periode komt nu een eind. Leiderschap is niet vanzelfsprekend. Een mandaat moet opnieuw worden verdiend.''
Partijgenoat en Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea fynt dat Lodewijk Asscher de kommende tiid dúdlik sjen litte moat dat hy in geskikte lieder is fan de Partij van de Arbeid. Se is kritysk oer de gong fan saken by de ferkiezingen. It gedoch mei Jacques Monasch wie dochs in smet op de ferkiezingen, sa fynt Jacobi.