See-earn út de loft sketten by Wolvegea, tsjûgen socht

Unbekenden hawwe yn de Lindefallei by Wolvegea in see-earn út de loft sketten. Tafersjochhâlders fûnen it deade bist snein yn it natuergebiet oan de noardkant fan De Lende. Ut ûndersyk docht bliken dat de beskerme fûgel mei in skot hagel út de loft sketten is.
De see-earn is hiel seldsum en stiet fanwege syn grutte bekend as 'fleanende doar'. De plysje is op syk nei de dieder en ropt tsjûgen op harren te melden. De jonge fûgel is nei alle gedachten yn it wykein fan 2 oant 4 desimber deasketten.