Bus mei oanhinger baarnt folslein út op de A7
In buske mei oanhinger fan in bedriuw út it Grinslanner Niekerk is freedtemoarn op de A7 by Drachten folslein útbaarnd. De brânwacht hat it fjoer útmakke.
By de brân kaam flink wat swarte reek frij. It oare ferkear rûn wat fertraging op troch de brân.