Al 400 deade fûgels opromme yn ferbân mei fûgelgryp

© ANP
Der wurde freed yn ferbân mei de fûgelgryp de hiele dei noch deade fûgels socht en opromme. It sykgebiet is njonken de gemeente Ferwerderadiel no ek útwreide mei de gemeenten Súdwest-Fryslân en Skylge. Yn de beide lêste gemeenten binne ek sa'n tsien deade fûgels fûn dy't mooglik besmet binne.
Ek wurknimmers fan de gemeenten en it Fryske Gea helpe it Wetterskip mei it sykjen en opromjen fan de deade fûgels yn dizze gemeenten. Yn totaal binne der tongersdei al 400 deade fûgels oprêden.