Shani Davis: "Se hienen Thialf gjin facelift jaan moatten"

Shani Davis © Martin de Jong
Fan freedtemiddei ôf fynt it earste grutte ynternasjonale toernoai plak yn Thialf, de wrâldbekerwedstriid. De ôfrûne wiken wiene der in soad positive lûden te hearren oer it nije iisstadion. Fan reedriders, coaches en personiel. Mar net elkenien is hielendal te sprekken oer de ferbouwing fan Thialf.
Amerikaansk reedrider Shani Davis seit ûnwennich te wêzen nei it âlde reedrydstadion, sa meldt de NOS.
"Ik bin miskien in âlderwetsk type, mar ik haw in hiel soad moaie herinnerings oan it âlde Thialf. It wie krekt in kerker. Je kaam hjir om te striden. It seach der wat grizich út, mar de supporters makken it skitterjend. It wie krekt as trede je op foar it bêste publyk fan de wrâld', seit Davis.
Gjin facelift
Hy naam ferline jier ôfskied fan it âlde Thialf mei in wrâldtitel. Davis is benammen benaud dat de sfear no oars is. "Se hienen it gjin facelift jaan moatten, it hie in soarte museum bliuwe moatten. Want hoefolle jild je der ek yn stopje, it kin nea it karakter ferfange dat it hie", fynt de Amerikaan.
Boppedat freget er him ôf oft de ferbouwing wol nedich wie."Ek yn it âlde Thialf waarden wrâldrekôrs riden. It hoecht net superfluch te wêzen, it moat gewoan Thialf wêze, sa as it altiten wie."
Shani Davis komt sneon op de 1500 meter foar it earst yn aksje yn it nije Thialf.