Undersyksrapport: "Gerda Postma hat neat ferkeard dien"

De krisis by de gemeente Achtkarspelen is noch net oer. Sa die tongersdeitejûn bliken yn de riedsfergadering. Dêr waard in yntern ûndersyk nei de krisis besprutsen. De konklúzje fan dat ûndersyk is dat de opstapte wethâlder Gerda Postma fan Achtkarspelen neat ferkeard dien hat. De kearnfraach wie oft se de ried ynformearje moatten hie oer it jild dat oer wie foar soarch en wolwêzen, it saneamde sosjale domyn. Yn july foel de koälysje yn Achtkarspelen. It fertrouwen yn trije wethâlders waard doe opsein.
Fertrouwen
Postma kaam werom yn in nij kolleezje, mar se stapte in moanne lyn op, om't se fûn dat se net funksjonearje koe. It fertrouwen is noch net werom, lêze de riedsfraksjes yn it ûndersyk, mar neffens boargemaster Gerbrandy falt it mei dat gebrek oan fertrouwen wol ta. En om't hy de fragen fan de opposysjepartijen dêroer net beäntwurdzje woe, waard der in moasje fan ôfkarring yntsjinne, mar dy helle it net. Wol sille der noch skriftlike fragen steld wurde troch guon riedsfraksjes.