Bus en auto botse opinoar by Burgum, dyk ôfsletten

Op de krusing fan de Simmerdyk en de Alde Kommisjewei yn Burgum binne tongersdeitejûn in bus en in auto opinoar botst. De bus fan ferfiersmaatskippij Qbuzz soe nei de botsing troch in bushokje hinne riden wêze en yn in greppel bedarre wêze. Ferskate helptsjinsten waarden oproppen.
De brânwacht moast in persoan helpe dy't beknipe siet. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe en oft der mear minsken ferwûne rekke binne. De dyk is ôfsletten foar alle ferkear. Nei alle gedachten sil dat noch wol in oere duorje, sa meldt de plysje.