Súdwest-Fryslân jout grien ljocht foar rûnwei Himmelum

Himmelum © Google Streetview
It wurk oan de rûnwei om Himmelum hinne kin los. De gemeente Súdwest-Fryslân hat der in omjouwingsfergunning foar jûn. De plannen binne der al even en it ûntwerp is ek al klear. De gemeente en de provinsje ha dat makke mei de ynwenners fan Himmelum en mei ûndernimmers.
It ferkear fan de provinsjale dyk ôf fan en nei Starum hoecht dan net mear troch it doarp. No komme der alle dagen frachtweinen troch Himmelum en dat soarget foar in soad oerlêst.