De Buorren yn Berltsum wurdt takom jier opknapt

De gemeente Menameradiel begjint maart takom jier mei it opknappen fan de Buorren yn Berltsum. It doarp freget dêr al jierren om. Der steane tefolle pealtsjes, it is der te smel en stoepen binne der min oan ta. Der komme mear parkearplakken, nije stoeprânen en nije strjitferljochting.
De plannen binne yntusken oan de bewenners presintearre en dy binne der wiis mei. De folsleine werynrjochting kostet likernôch 400.000 euro en wurdt betelle troch de gemeente Menameradiel en de provinsje Fryslân.