Fûgelgryp yn Fryslân wreidet him út

De fûgelgryp yn Fryslân wreidet him hieltyd mear út. Neist de gemeente Ferwerderadiel binne ek yn Ljouwerteradiel, Súdwest-Fryslân, Dongeradiel op de grins mei Ferwerderadiel en op Skylge deade fûgels oantroffen. It giet benammen om wetterfûgels.
Yn it gebiet yn Ferwerderadiel dêr't woansdei fûgelgryp fêststeld is, binne in deade mûzefalk en in deade reager oantroffen. Boppedat wurde de deade fûgels yn in grutter gebiet oantroffen. Omdat de deade fûgels in boarne fan besmetting binne, wurde se opromme troch minsken fan it Wetterskip.
Krisisoerlis
De gemeente Ferwerderadiel en it Wetterskip binne yn krisisoerlis oer de situaasje. It Wetterskip is yn elk gefal tongersdei noch de hiele dei dwaande mei it opromjen fan de deade fûgels by de Seedyk by Marrum en yn de Jislumer Feart by Jislum en Ginnum. De gemeente ropt minsken op om út it bûtengebiet te bliuwen, seker mei losrinnende hûnen.
Yn de gemeente Súdwest-Fryslân giet it om it gebiet by Blauhús. De deade fûgel dy't oantroffen waard yn Tytsjerksteradiel is net deagien oan fûgelgryp, mar yn it ferkear.