Jonge ferstoppet yllegaal fjoerwurk op sliepkeamer

© Stockfoto, Politie Noordoost Fryslân
De plysje hat tiisdei yn in wenning yn in doarp yn de gemeente Achtkarspelen tritich kilo fjoerwurk yn beslach nommen. It fjoerwurkteam fan de plysje trof it guod oan yn de sliepkeamer fan in minderjierrige jonge. It fjoerwurk wurdt ferneatige.
De plysje seit dat it om behoarlik gefaarlik fjoerwurk giet. It is noch ûnbekend wêr't it guod krekt weikaam.