Gemeente Skylge stiet tydlike seehûne-opfang ta

© John oÇonnor
De tydlike needopfang foar seehûnen op Skylge wurdt dochs tastien. It kolleezje fan b. en w. fan Skylge hat besletten om de opfang de kommende trije jier, hieltyd foar in perioade fan in jier, ta te stean. De Stiching ZeehondenOpvang Terschelling, dy't de opfang beheart, is dêrom frege in omjouwingsfergunning oan te freegjen foar de opfang.
De gemeente stelt in terrein beskikber foar de symboalyske hierpriis fan 1 euro. Steatssekretaris Van Dam moat noch wol in beslút nimme oer de seehûne-opfang.