Bewenners Easterlittens keapje hûs foar Syryske famylje

Yn Easterlittens ha 40 doarpsbewenners sels in hûs kocht foar in Syryske famylje. De famylje Yasin mei fiif bern wennet dêr no sûnt trije wiken. De fiif inisjatyfnimmers wolle sjen litte wat in lyts doarp foar flechtlingen betsjutte kin. Fierwei de measte minsken steane derachter.
Vluchtelingenwerk fernimt dat it tal frijwilligers de lêste tiid tanimt. Hieltyd mear minsken binne ree om flechtlingen te helpen. It ôfrûne jier is it tal frijwilligers sels ferdûbele, fan 7.000 nei 14.000.
In pear jier lyn wenne de famylje Yasin noch yn de miljoenestêd Aleppo, mar har hûs waard plat bombardearre. Se flechten rinnendeweis nei Turkije en stapten op in boatsje nei Grikelân. Ferline jier kamen se yn Nederlân oan en waarden fan sporthal nei sporthal sleept. Se hawwe yntusken in ferbliuwstatus en hoopje no yn Easterlittens rêst te finen.
Janneke Bijlsma, ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt yn Easterlittens, fertelt der yn Fryslân Hjoed oer. Ek Titus Sijmonsma fan Stichting Doarpswurk is yn de studio om te praten oer ditsoarte fan inisjativen.