Lânboubeurs yn Ljouwert bringt tal fan primeurs

© Twitter, WTCLandbouw
De Noard-Nederlânske lânboubeurs is nije wike yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dit jier binne in soad primeurs en nije saken te sjen. De agraryske sektor stiet op dizze 21ste edysje sintraal. Yn ferskillende kategoryen binne sa'n 25 baanbrekkende ynnovaasjes op agrarysk mêd oankundige. Foarbylden binne in folautomatysk-fretten-úthelsysteem, digitale donganalyze fia in app, in nij ôftichtsysteem foar sleufsilo's en in kistekanteler.
Gouden Hef
By de offisjele iepening op woansdei 14 desimber wurdt de winner bekend makke fan de Gouden Hef. Dizze priis is bedoeld om nije ûntwikkelingen en tûke ideeën te stimulearjen om sa de agraryske sektor op in heger nivo te krijen.
Sympoasium
Op de beurs wurdt freed 16 desimber it Sieperda-sympoasium hâlden oer de woartels fan de Fryske kennisekonomy. Hoe garre it Fryske bedriuwslibben eartiids nije kennis en feardichheden? De bydragen op it sympoasium konsintrearje har op foarbylden út it agraryske bedriuwslibben en de suvelyndustry. By it sympoasium wurdt troch lêzingen en debat yngien op de aktualiteit: wat kin it ferline ús leare yn it stribjen nei in fearkrêftige ekonomy? De organisaasje is yn hannen fan de Fryske Akademy en it Keninklik Frysk Genoatskip.
De beurs duorret oant en mei sneon 17 desimber.