Falskemunter yn finzenis oanhâlden

© Twitter plysje Ljouwert
De plysje hat in 23-jierrige man oanhâlden as fertochte fan it beteljen mei falsk jild. De man kocht yn oktober en novimber yn Ljouwert pizza's, in mobile telefoan en in playstation mei falske briefkes fan 50 euro. Fia it ûndersyk kaam de plysje by de 23-jierrige man sûnder fêst wenplak telâne.
Fier hoegden se net te sykjen, want de man siet fêst yn de finzenis yn Lelystêd om't er boeten net betelle hie. De man wurdt dêrneist fertocht fan stellerij. Hy wurdt kommende freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
De plysje ropt slachtoffers fan oankeapen mei falsk jild op om oanjefte te dwaan.