Trije Fryske campings by top yn Europa

© Wytse Vellinga
Trije Fryske campings hearre neffens de ANWB by de top. It giet om camping It Wiid yn Earnewâld dy't dit jier nij op de list is. De oare campings binne De Kuilart yn Koudum en fakânsjepark Bergumermeer yn Sumar.
Yn Nederlân ha 48 campings it predikaat krigen. Dat binne der alve mear as foarich jier. It binne campings dy't de maksimale skoare fan fiif stjerren helje by de ANWB campingynspeksje. Der wurdt sjoen nei de kwaliteit fan it terrein, in soad foarsjenningen en goed sanitêr.
Yn Europa ha mei elkoar 177 campings it predikaat 'ANWB Top camping 2017' krigen. Der binne mear as 2.000 campings besjoen.