Holwert oan See helpt net fargeul It Amelân iepen te hâlden

De plannen fan Holwert oan See helpe foarearst net genôch om de farrûte nei It Amelân iepen te hâlden. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat tiisdei oan it doarp presintearre waard.
In dyktrochbraak mei in binnendyks sâltwettermar ("spielmar") en in kanaal nei it doarp soene soargje moatten foar in oare streaming. De fargeul nei It Amelân soe dan minder gau tichtslykje en dat soe in besparring opsmite op de baggerkosten. Mar dat is net sa, sa docht no bliken. Dêrmei falt de finansjele pylder ûnder de plannen wei.
Der binne alternativen, sa waard sein. Sa is der serieuze belangstelling fan merkpartijen foar it bouwen fan fakânsjewenten. De trochbraak fan de dyk rekket dan wol út byld.