Chris de Wagt nije trainer fan ONS Boso Snits

Chris de Wagt hjir noch as fuotballer by ONS Snits © awfoto.nl
Chris de Wagt is de nije trainer fan treddedifyzjonist ONS Boso Snits. Hy begjint folgjend seizoen as opfolger fan Richard Karrenbelt. Dy makket it seizoen noch ôf by de Snitsers, mar hâldt dan nei twa seizoenen op.
De Wagt (31) is op it stuit de assistint-trainer ûnder Karrenbelt. Hy spile as prof hûndert wedstriden yn de earste difyzje foar SC Cambuur en fjirtjin foar FC Oss. Yn 2010 makke er de oerstap nei ONS en spile dêr oant foarich seizoen. De Wagt hat earst in kontrakt tekene foar in jier.
It bestjoer fan ONS is wiis mei De Wagt as nije haadtrainer. "Met zijn schat aan ervaring als speler in het betaald voetbal, door zijn kennis van de club en zijn bewezen kwaliteit jonge spelers op te leiden en door te laten stromen naar de A-selectie, is ONS Boso Sneek ervan overtuigd met De Wagt de juiste man op de juiste plaats te hebben. Wij zijn dan ook erg blij met deze ontwikkeling en wensen Chris heel veel succes toe in zijn nieuwe functie."