KNMI warskôget foar glêde diken
It KNMI warskôget foar glêdens. Rûnom yn de provinsje moat ferkear rekken hâlde mei pleatslik glêde diken. It waarynstitút hat dêrom koade giel ôfjûn, mei útsûndering foar de Waadeilannen. Nei ferwachting is de glêdens yn de rin fan woansdeitemoarn wer foarby.