Jong Cambuur wint fan Jong Feyenoord: 1-0
De beloften fan Sportklup Cambuur hawwe tiisdei wûn fan Jong Feyenoord. It waard 1-0 yn Ljouwert. Beide ploegen kamen yn de earste helte net ta skoaren.
Nei it skoft kaam Jong Cambuur op in foarsprong troch in strafskop, nei't de keeper fan Feyenoord Boerlage ûnderút helle. Van der Putten naam de penalty en soarge sa foar de 1-0. Tsien minuten foar tiid sette Gouriye de thúsploech noch hast op in 2-0 foarsprong, mar syn skot waard keard troch de keeper fan Feyenoord. It bleau dêrtroch 1-0 foar Cambuur.