De Fûgelhelling stelt opnamestop yn foar wetterfûgels

De Fûgelhelling yn Oerterp nimt gjin wetterfûgels mear op. De wetterfûgels yn de opfang moatte dêr bliuwe as sy al wer sûn binne. De reden fan de maatregel is de fûgelgryp. Besikers fan De Fûgelhelling komme no ek net mear fierder as it stek.
Neffens behearder Hetty Sinnema is der noch in soad ûndúdlik. Bygelyks wat minsken dwaan moatte mei in wetterfûgel mei in stikkene poat. Wetterfûgels meie net ferpleatst wurde. Wa't in oar soart fûgel bringe wol, kin mooglik wol telâne yn De Fûgelhelling. Dêrfoar moatte de minsken earst efkes belje.
Mar salang't de fûgelgryp hearsket, bliuwt De Fûgelhelling op slot foar besikers en wetterfûgels.