Stof daalt yn huzen del troch heiwurk N31 by Harns

Ynwenners fan Harns dy't lêst hawwe fan it heiwurk oan de N31, wolle kompensaasje fan wenningstichting De Bouwvereniging. Se sitte al moannen yn in stoffich hûs. Undersyk fan de GGD hat útwiisd dat it stof gjin glêswol of stienwol is, of oar gefaarlik isolaasjemateriaal. It stof is gewoan hússtof. Watfoar materiaal der krekt yn sit, is net ûndersocht. Tiisdei binne de resultaten mei de bewenners bepraat.
Bewenners fan de Bernhardstraat yn Harns kleie oer yrritaasje oan de luchtwegen as gefolch fan it stof. Se sizze dat se mei harren klachten gjin gehoar krije by de wenningstichting. De wenningstichting sprekt dat tsjin. Dy wol alle klachten krekt serieus nimme, sizze se.
It heiwurk yn Harns duorret noch oant de krystdagen.Takom jier maaie moatte de bewenners in oare wenning hawwe, omdat de huzen oan de Bernhardstraat dan sloopt wurde.