FIDEO: Omrop bringt fersierde krystbeammen by de minsken
Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân bringe dizze hiele wike krystbeammen del by minsken dy’t dat fertsjinne hawwe. Se tuge de beammen ek noch by de minsken op mei nij krystguod.
Tiisdeitemoarn wiene se by Sjoerdsje yn Makkum. Sy is altyd like warber. Se komt om healwei fjouweren moarns fan it bêd om mei har buske de krante rûn te bringen. Dêrnei bringt se de bern nei skoalle, noch efkes sliepe en dan wer op ‘en paad mei har koeriersbedriuw. Se jout ek noch gymnastykles oan âlderein. Dat is wol in krystbeam wurdich, fûn har man Martin.
Tiisdeitejûn krige in oare ynwenner fan Fryslân live yn de útstjoering fan Fryslân Hjoed in krystbeam fan Johanna Brinkman.