Subsydzje foar trije projekten sûner iten âlderein

Hurd wurkje yn de keuken © ANP
Trije projekten dy't der foar soargje moatte om âldere minsken sûner ite te litten, krije meielkoar dik 160.000 euro subsydzje. It bedriuw Lable Care út Ljouwert krijt jild om syn 'seniorenvoedingsmeter' fierder te ûntwikkeljen. Dat is in digitaal ynstrumint wêrmei't âlderen of fersoargers sjen kinne oft de minsken wol genôch kaloryen en focht krije.
Zorgbelang Fryslân krijt subsydzje foar in spesjaal resepteboek. It Technologiecentrum Noord-Nederland krijt jild foar in projekt wêrby't resepten ôfstimd wurde op de smaken fan âlderen.
Dat moat har better oan it iten krije.