Ynfallen op trije plakken fanwege fraude mei falliseminten

© ANP
Op trije plakken yn Fryslân hawwe tiisdei ynfallen west fanwege in grut fraude-ûndersyk. It giet om ynfallen yn Drachten, Oranjewâld en op It Hearrenfean. Bûten Fryslân waarden op nochris alve plakken ûndersiken dien. It giet dan om ynfallen yn huzen en bedriuwen. Mei-elkoar waarden twa minsken oppakt en der is ek administraasje yn beslach naam.
It ûndersyk rjochtet him op fallisemintsfraude en oplichting foar in bedrach fan sa'n acht miljoen euro. Der binne yntusken trettjin fertochten, ûnder wa in âld-notaris.
Oanlieding foar it ûndersyk binne oanjeften fan fallisemintsfraude en oplichting. Dêrby soe jild dat fan oplichting ôfkomstich is, trochslûsd wêze. It jild soe foar in diel fia in bankrekkening fan in notaris gien wêze.
De ynfallen waarden dien troch it Funksjoneel Parket yn gearwurking mei de FIOD (Fiscale inlichtingen en Opsporings Dienst). It Funksjoneel Parket falt ûnder it Iepenbier Ministearje. De ôfdieling is rjochte op de bestriding fan komplekse fraudesaken.
By de saak is in 69-jierrige man út Oranjewâld oppakt. Der binne der 13 fertochten, wêrûnder de freondinne fan de Oranjewâldster.