"Lûd âlde F-16 en nije F-35 wakker gelyk"

It ferskil tusken it lûd fan de F-16 en de F-35 (de JSF) is mar lyts. Dat sizze de omwenners fan de Ljouwerter fleanbasis. Dizze maitiid waard in tal flechten mei in F-35 dien, sadat omwenners oardiele koenen oer it lûd fan it tastel.
Direkt nei de flechten wie de earste konklúzje al dat de ynwenners fûnen dat it ferskil lyts wie, in fierdere útwurking fan de enkête befestiget dat byld. Lûdsmjittigen toane oan dat der wol ferskil yn lûd is, mar dat de omwenners dat dus blykber net sa ûnderfine.
It ministearje fan Definsje hat yn oerlis mei de omwenners it ûndersyk dwaan litten troch it Nederlands Lucht- en Ruimtevaartcentrum.