Tsientallen weachhalzen op de izers
It hat in pear nachten ferzen en dan witte je... Der wurdt wer riden op de Ryptsjerksterpolder. Tsientallen riders stapten dêr tiisdei it iis op. Moandei besochten guon riders dat ek, mar dy sakken frij gau troch it iis hinne. Ek op oare plakken yn de provinsje lykas op de rântsjes fan de Snitser Mar, setten weachhalzen de earste streken op it iis.