Plysje Fryslân siket stellende jonge froulju

De plysje Fryslân siket twa jonge froulju dy't fertocht wurde fan 'shouldering'. Se sjogge ûnder it pinnen mei oer de skouder fan harren lettere slachtoffer en stelle efkes letter de bankpas. De froulju hawwe yn july en augustus taslein yn Snits, It Hearrenfean en op 'e Lemmer. Letter ha deselde froulju harren slach slein yn Emmeloord, Hattem, Nunspeet en Ermelo. De plysje hat op de webside foto's fan de twa froulju pleatst.